Gjin mais mar feanmos yn it lege midden

Al in jier as wat binne  Provinsje Fryslân en Wetterskip dwaande om passend belied te meitsjen  foar de boaiem- delgong  fan ús feangreide-gebieten. Yntusken giet de boaiem- delgong, de CO2 útstjit, de maisteelt en de peilferleging fjirder. Allegear begryplik, en elts komt mei foarstellen om buorkjen mei in heech wetterpeil finansjeel sjoen ek mooglik te meitsjen. Jo kinne wol reid ferbouwe, wetterbuffels hâlde ynstee fan Swartbûnt fee, mear oan natoerbehear dwaan en fansels ynkomsten út wetterbehear. Mar der is noch in mooglikheid:  feanmos ( Sphagnum) ferbouwe.
Elts wit dat feanmos wol brûkt wurd yn de blomkerij, net folle, mar dochs. Yn Dútslân binne der no proeven opset om feanmos te ferbouwen as substraat foar de grienteteelt en oare kas teelten. Hjir wurd op’t stuit heechfean (wytfean) foar brukt, mar sûnt 1992 kin en mei it yn Nederlân net mear ôfgroeven wurde en ha alle restanten fan heechfean de status fan beskremd natoermonumint. Yn Ingelân en Ierlân is dat ek sa en yn Dútslân binne se der ek hast trochhinne.
Derom komt der no al in grut part út de Baltyske Steaten wei. Mar der wolle se net deselde fout meitsje as by ús en krije  dizze gebieten hyltyd mear in beskermde status. Los hjirfan is it foar it milieu ek net goed dat gesleep mei feangrûn. Foar it ôfgraven fan dizze heechfeangebieten moat it wetterpeil nei ûnderen, en dertroch komt der in soad Co2 frij.  Dus reden genôch om nei alternativen te sykjen. Griente ferbouwe op stienwol is der ien fan, mar net in duorsame fariant .
Der  is no yn Dutslan in proeffjild oanlein fan 3 hektare  wer’t ferskate opsje’s ûndersocht wurde. Hokker oanpak it beste is, sadat boeren yn wiete feangreiden,  wer buorkjen telkens dreger wurd, ynkoarten  oerskakelje kinne op it ferbouwen fan feanmos.  Lanskiplik is dit yn te pasjen, en omdat it in ekstensive teelt is kin it ek goed oparbeidzje mei in taname fan natoerwearden. Yn de proefflakken  yn Dútslân  binne al ferskate seldsume plante- en bistesoarten oantroffen en is der ek sprake fan in grutte Co2 redukzje. Mooglik ek in kâns foar ús greidefûgels , dy kinne  yn dizze koarte en wiete fegetaasje wer nije mooglikheden krije om harren neiteam grut te bringen. Yn grutte oaniensletten gebieten yn Dútslân is sels de wilster wer as briedfugel werom.  Al mei al in grutte plus foar natoer, milieu en lanskip, en slane jo net twa, mar wol fjour as fiif miggen yn ien klap.
Tidens myn leste besite oan Dútslân wie ek de lokale polityk dêr om harren ynformeare te litten oer de kânsen en beheiningen fan dizze ûntjouwing. Foar it earst wie der by harren sprake fan in sûne dosis skepsis, mar oan de oare kant wolle se dit ynitiatyf net samar strupe litte. Ik tink dat it ek tiid wurd foar de Profinsje- en it Wetterskip Fryslân foar in reiske nei Dútslân  om dit mei eigen eagen te sjen . Ik bin der klear foar.
Nico Minnema
Successie Natuurzaken
Earnewald