Soms binne beamen better, soms geiten.

Bomen houden in Niger de woestijn tegen.

Ûnder dizze kop stie in aardich artikel yn’e Ljouwerter krante fan sneon 8 desimber. Ik ha dat mei nocht lêsen en it soe wol goed wêze as der ris wat mear omtinken kaam foar dit soart fan lytskalige projekten. Yn’t artikel stie dat it broeikaseffekt en de klimaatsferoaring de oarsaak binne fan de woestynfoarming. Neffens my kinne we der noch wol ien oan taheakje: mislearre grutskalige ûntwikkelingsprojekten fan it ferline. Doe tochten we noch dat we der de earmoed oplosse koene mei grutskalige lânynrjochtingsprojekten sa’t we ek yn de westerse wrâld wend binne. De beammen opromje, grutte kavels en flak skowe de boel. Dat is dêr ek bart en it hat ‘allinnich’ mar mear woestyn makke. Mar gelockig binne der op’t stuit ek wer organisaasjes dy’t hjir wer wurk fan meitsje, en de Eden Foundation is der ien fan.


Derom besyket de Eden Foundation no om te gearre mei de minsken der, der no foar te soargjen dat it âlde lytskalige lânskip mei beamen en strûken wer op’e nij opbouwd wurd. Sadwaande ûntsteane ek wer bettere mooglikheden foar de ikkerbouw en fjirder jouwe de beammen noch folle mear foardielen. Hast alles fan’e ynlânske beammen en strûken kinne de minsken der ite: de blêden, fruchten, sieden en fan’e jonge takjes wurde toskeboarstels makke. Fjirder is it sa dat der net folle beammen troch de Eden Foundation plante wurde mar de measten wurde sjidde, de kans fan slagjen is dan folle grutter. Sûnt 1987 is de Eden Foundation no dwaande hjirmei en yntusken ha al mear as 2500 hûshâldens holpen om harren lân wer op’e nij oan te klaaien mei beammen en strûken. En dêrnei redde se harren sels wol wer mei it ferbouwen fan ikkerbou gewaaksen en it rispjen fan alle fruchten, sieden en somtiiden ek de blêden fan de beammen.

En sa’t yn’e letste nijsbrief fan’e Eden Foundation stie: ‘de Eden-boeren geloven niet langer dat alleen God bomen kan zaaien, of dat ze voorbeschikt zijn voor een leven zonder hoop. Sinds ze Eden-boer geworden zijn en de verschillende opbrengsten van hun bomen en struiken hebben geoogst, heeft gelatenheid en apathie plaats gemaakt voor inspiratie en vernieuwing!’ Dit slút moai oan by de reaksje fan de lokale boskbouwer yn it stik fan ôfrûne sneon op’e útspraak fan in bútelânske helpferliener dy’t seit: ‘Ik zie wel een paar bomen, maar vergroening?’ De boskbouwer laket om dy blinens.

Lokkich binne der op’t stuit mear organisaasjes dy’t op dizze lytskalige wize wurkje. Oxfam Novib wurket op in fergelykbere wize. Sy skinke de minsken in geit sadat se harren eigen feestapel opbouwe kinne. En de minsken dy in geit krije moatte it earste jonge geitsje wer trochjaan oan in oar. En no mar hope dat dizze twa projekten ûnderling wat kontakt hâlde, oars is straks it iene goede doel de oarsaak foar it mislearjen fan it oare goede doel en dat moat fansels net.

Mar yn dizze tiid fan jier, in tiid wêr’t in part fan de minsken noch tiid hat foar besinning, is dit fansels in moai ûnderwerp omris oer nei te tinken. Wolle jim mear ynfoarmaasje hjir oer sjoch dan mar ris op de rach-side fan de Eden Foundation, www.eden-fuondation.org. Ek kinne jim wolris op de side fan Oxfam Novib sjen www.oxfamnovibpaktuit.nl. Yntusken geane wy der fanút dat de lokale minsken fan dizze organisaasjes wol kontakt mei mekoar hâlde sadat se mekoar net yn’e tsjillen fytse.