Boer, boarger en lanskip

De Ljouwerterkrante en de Molkféakademy ha in debat organiseare oer de boer en it lânskip mei as gastsprekker ús nije steatssekretaris  fan natoer en lânbou , Henk Bleeker.  En Bleeker is dúdlik, hy wol dat de streek en de boarger mear belutsen wurde by it behâld fan it lânskip en hy fynt ek dat de boeren harren ferantwurdelikheden nimme moatte yn dit behâld.  En as dat net bart sille der dochs wer strange regels troch de oerheid oplein wurde moatte. In helder ferhaal soene jo sa sizze, mar de diskuzjejûn oer it lanskip gie mear oer de yngripende wizigingen en besunigingen fan Bleeker yn it natuerbelied dan oer it Fryske lânskip . Derneist wie de man mei de mikrofoan ek wat hastich, en dertroch kamen ek net alle luden út de seal goed oer. 
Wol waard noch it belang fan passende bebouwing yn it lânskip yn de diskuzje ynbrocht. Dizze “hoeder fan it Fryske lânskip” is fan betinken dat by de ûntwikkeling fan de nije pleats noch mear minsken meiprate moatte oer hoe as dizze der útsjen moat. Neffens har moat it team útwreide wurde mei in fotograaf en in skilder !! Liket my gjin goeie saak ta, dan krije wer san Poalse landei, as wat de kanadezen oer in eland sizze: in typysk produkt fan in kommisje, in gewei fan in hert, in kop fan in hynder en de poaten fan in ko!!! Mei oare wurden fan alles neat.  Nee, as der in nij type pleats komme moat, wer ik it wol mei iens bin, jou dan eltsenien de kâns om in ûntwerp yn te tsjinjen en lit sa as Bleeker seit de streek, de boarger kieze wat harren it bêste ta liket foar harren lânskip. It ûntwerp mei de meeste stimmen wurd de blaudruk  foar de nije pleats. No mear fan ûnderen op en demokrasy kin ik hjir net yn kwyt .
Fierder is it sa  dat der tiden west ha dat de boer as er bouwe woe earst in beplantingsplan foar it gruttere hiem ynstjinje moast foar dat er in bouwoanfraach ynstjinje koe! Der moatte we ek wer nei ta. Want fan âlds steane de pleatsen yn de beamen, en seachen jo de pleatsen hast net,en wie it boere lân op de measte plakken iepen yn Fryslân. No is it sa dat de boerehiemen lytse keale  yndustrieterreinen binne yn it iepen fjild en it iepenfjild fertichtet troch struwiel en mais.  In passende hiembeplanting is ek better dan dat der straks regels komme moate foar de ôfmjitting as foarm fan in dongbult en  kuilbulten. Mei in goeie hiembeplanting sil it lânskip al gâns fan opkreazje.
Neist it opkreazjen moat it lânskip ek wer mear werkenber wurde en moat it ús oandacht wer luke. No is it sa dat jo somstiiiden kilometers ride kinne sûnder dat jo witte wat jo sjoen ha. Want it is doch allegear en yn alle seizoenen itselde. Grien as swart-griis, ingelskraai as omploege lân. Wat moatte we hjir foar dwaan ??? Neffens my moate we hjir mear foar litte dan dwaan  !! Sa as ophâlde mei mais ferbouwen yn it Lege Midden bijgelyks. Winterdeis it wetter net mear sa djip út de sleatten mealle. Lit  ‘s winters yn in wiete perioade mar ris wat boerelân splis stean, de boer mei der op wat skjippe weide nei doch net op oant wurk . Op dizze wize komt it siezoen yn it lânskip ek wer better ta utering. Minder dong oer in diel fan it lân, sa dat der maitiidsdei  njonken 100% gers ek wer wat plak is foar blomrike  gerslannen . De maittiid wurd hjirtroch faaks wol twa kear sa moai. En wer it lanskip ek tige ferlet fan hat, is dat net eltse maitiid alle gerslân yn twa wike tiid meant wurd. Mei oare wurden, feroaret fan donkergrien yn ljochtgrien. Derneist soe it moai wêze dat  der  fansels genoch  fé bûten bliuwt, jout ferskaat oan greide en is foar in soad minsken faaks de slachrjemme op de taart.
As dit der ta bydrage kin om it lânskip it lânskip te hâlden,  de boarger der mear yn behelje en de boer syn ferantwurdlikheden nimt dan hat de hurde politikus, mar tige sympatike mins Henk Bleeker ús tasein dat de oerheid net wer mei ferstikkende regels komme sil.