In brêgebouwer foar Earnewâld

De Earnewâldster ûndernimmers/
doarpsbelang
wolle in tunnel
ûnder it Earnewâldsterwiid
ha (LC 26 maaie). En it
kostet mar €1miljoen, seit ûndernimmer
H. Wester fan it
doarpsbelang. Dan bedoelt er
fansels wol: mar €1miljoen
mienskipsjild, want as de ûndernimmers
it sels betellje moasten
soed er wol sizze: it kostet wol in
miljoen! Yn’t earste gefal is it
goedkeap, yn it twadde djoer.
Sûnt de komst fan it bungalowpark
It Wiid sprekke de Earnewâldsters
oer Earnewâld en de
‘oare kant’, en sa âld binne dus
ek al de plannen foar in tunnel.
Nei it safolste fallisemint fan It
Wiid wie in part fan de ûndernimmers
bang dat Yab-Yum it
oernimme soe en ha se betocht
dat it besikerssintrum der moai
yn koe, wylst hast net ien út it
doarp it dêrmei iens wie. En nei
dat de sonearringsplannen foar
de Alde Feanen yn it belang fan
de stimulaasje fan it elektrysk
farren, ynwiksele binne foar de
kar om it Besikersintrum Nasjonaal
Park en it Lânboumuseum
oan de ‘oare kant’ te meitsjen,
sjogge de ûndernimmers it
neidiel fan dizze kar.
It Besikerssintrum en it Lânboumuseum
stiet no weistoppe
efter de trespabungalows, yn it
arsjitektoanysk meast bekritisearre
gebou fan Fryslân en mei
in útstrieling wêrby yn fergelyk
in psychiatrysk sikehús sels op
in pretpark liket. Yntusken ha se
der fan alles oan dien om dy
‘unheimische’ sfear wat op te
pimpen, mei âlderwetske heakapen,
in ‘doe-en-beleeftuin’ en
sels in kampke lân mei dwerchgeiten.
Mar om no te sizzen ‘it is
in besikerssintrum fan in sompegebiet
fan ynternasjonale
alluere’? Nee! Ik tink dan ek
wolris oan it ferske oer de Ljouwerters:
it wie neat, it is neat en
it sil noait wat wurde.
In moanne lyn ha ik yn de
nijsbrief fan it Fryske Marreprojekt
lêzen dat de Alde Feanen ien
fan de lokaasjes is dêr’t men
mooglik sonearring tapasse wol.
Ynformaasje út it bûtenlân hat
derop wiisd dat as jo elektrysk
farren stimulearje wolle, der ek
plak wêze moat foar allinnich
‘de stille vaart’, lykas sile, roeie,
kanofarre en de elektroboaten.
We binne benijd.
Earnewâld hat mei de komst
fan de gearwurkingsskoalle yn it
ferline sjen litten yn it belang
fan eltsenien bûten har kaders
tinke te kinnen. Dêrtroch ha se
noch altyd ien fan de earste
gearwurkingsskoallen yn harren
doarp. Mar wat goed gien is mei
de Master Frankeskoalle is misgien
mei de lokaasje en opset
fan it besikerssintrum. By de
skoalle ha se alle belangen meinaam,
binne se lyts begûn en
dêrnei groeid. By it besikerssintrum
is de lokaasje ferkwânsele
foar oare belangen, fan boppen
ôf der trochhinnedrukt, binne se
grut begûn en is ’t noch net ôf!
Resultaat: in besikerssintrum,
tige grut, mar it pakt jo net, in
doarp mei in skeinde ienheid en
wêr’t de minsken ek binne, se
steane altyd oan de ferkearde
kant. Dan kinne jo tsien tunnels
ûnder It Wiid troch lizze, mar
dat helpt neat. It kin oars, soargje
foar mear ienheid, sfear en
kwaliteit, dan wolle de minsken
dat skyteintsje ek wol omrinne
of omfytse. Dêrom net in tunnel,
mar in brêgebouwer foar
Earnewâld.
NICO MINNEMA
EARNEWÂLD