It is op’t stuit wer in lust yn en om de sompegebieten, om te sjen hoe as de skiere guozze famyljes eigenwiis, warber, mar ek foarsichtich yn de gerslannen omsjouwe, en is oant jûns let harren lûd  te hearren . Op’t stuit dat ik dit skriuw rinne de âlden mei harren giel griene pykjes by bosken by my foar de glêzen, in machtich moai gesicht !! Ik genietsje hjirfan en ik bin der wis fan oaren mei my. Maaarrrrrrrrrrrr……….. lanlik is besletten dat it op plakken in probleem is foar sawol de lânbou as somtiden ek de natoer.

Yntusken is de kûgel troch de ekologyske provinsjale tsjerke, it hege wurd is der ut, de Skierre gouzzen yn Fryslân binne in probleem en der moatte jierliks sa’n 10.000 sketten wurde. De populaasje moat werom nei it nivo fan 2000. Tsja, en hjir kinne jo tsjin as foar wêze, mar as it beslút op in demokratyske wize tastân kaam is, is it beslút net mear ynteressant, mar de útfiering fan dit beslút wol.
Yntusken wurd der lustich op los sketten om útfiering te jaan oan dit beslút, en hjir en der sneuvelje der wat Skiere guozzen.  In wize fan wurkjen wer’t in soad minskreft foar nedich is , in soad fersteuring jout yn de natoer, mar ek by de stjinstanners fan de jacht. En elk gewearskot aktiveard harren  faaks dogmatyske stânpunt tsjin de jacht. 
Behearders fan natoergebieten sette foar in part mobile rasters op de grins fan harren gebieten, en sprekke fan natoerbeheer dêr wer se de guozzen wol briedplak biede, mar harren de tagong  nei it ryk oan aaiwythâldend gers ûntnimme. Op wer oare plakken wurde in part fan de nêsten opsocht en de aaien prikt. Dêr wer dit net, as neffens oaren te min bart, nimme minsken it rjocht yn eigen hân  en neame harren sels ferantwurde aaisikers. En hjir hat de plysje it wer smoardrok mei , want dat is ferbean !!!!!!!!
No is it net sa dat allinnich Fryslân mei dizze saak om wrakselt en -heinderballet . Nee der is lanlik oerlis, werby  elts syn as har eigen oplossing betinkt mei faaks as reade tried : in dogmatyske oplossing, sa dogge we it en net oars. Dus te min maatwurk !! Yn Oerysel bygelyks wie krekt in ûntheffing fan de Flora & Faunawet wegere foar in nij sompeplan omdat de Wieden yn’t kader fan de Natura 2000 status ek oanwiist is as fourageergebiet foar Blesguozzen en Skiere guozzen. De ambtner fan de provinsje Oerysel hie strikt naam dus gelyk, mar de kâns is grut dat syn kollega oan de oare side fan’t buro op’t selde stuit drok wie mei in oplossing fan it probleem fan de oersimmerjende guozzen.  It klinkt ûnbegryplik mar by dogmatysk tinken op hokker flak dan ek  is dit hiel gewoan.
Begjin 2008 ha ik ek alris in “te gast” skreaun oer dit ” probleem “, weryn ik doe oanjûn ha dat we it probleem fan de ien keppelje moatte oan de winsk fan in oar, en wer mooglik de opbringst op in ferantwurde wize ôfsette.  Dertroch kin in probleem feroarje yn in útdaging en mooglik yn de takomst in doel wurde wer’t sawol minsk as natoer better fan wurde kin. Ik ha doe ek oanjûn dat we it guozzeflappen rûn’om de grutte sompegebieten wer ta litte moatte. Dit soe wolris in oplossing wêze kinne mei in bytsje fersteuring en in heech rendemint. En omdat it ek foar ûndersyksdoelen tapast wurd en wurde kin , jout it ek minder argewaasje en mear ynformaasje. 
Fierder bin ik ûnderwilens fan betinken dat yn de minst kwetsbere gebieten fergunnings útjûn wurde moatte om de guozzeaaien op te sykjen. Dit barde yn de tiid fan de iepen jiskebulten ek mei de aaien fan de ferhâldingsgewiis te grutte tallen  silvermeeuwen op de Waadeilannen. Noch fierder werom yn de tiid binne der foarbylden bekind fan minsken dy’t fan de opbringst fan de kobbe aaien harren ûnlân betelje koene. Ik snap ek wol dat soks ek aardich út de klauwen rinne kin , mar jo moatte alles sjen yn de tiid wer yn’t jo libje. En it fjid moat mear stjoere, ynstee fan it belied wat faaks ûnder krampachtige omstannichheden ta stân kaam is. En as der fergunnings útjûn wurde foar it flappen as aaisykjen, op jierbasis fansels. En pisje jo buten de pot, dan is der wol in oar dy’t it oernimme wol.
Ik bedoel mar te sizzen , der binne in bulte fjildminsken dy’t hjir nocht oan ha en de natoer jout it ús fergees,!! In prakke sûn aaiwyt , mar we wolle it net ha omdat der net prachmatysk tocht wurd. Ik hear politici sa faak praten oer it goede rintmasterskip as it oer de natoer giet. No doch der dan wat mei. Nee, sa lang as it lânskip der by leit sa as it  der no útsjocht jout it gjin pas om ljipaaien te sykjen, mar is de tiid oanbrutsen dat der tydlik mei fergunning ûnder strikte beheinings wer romte komt foar it flappen fan guozzen en guozzeaai sykjen. Mei as betinkst dat alles wat út it fjild wei komt mei doel ferwurke wurd foar mins as bist.