SKIERE GUOZZEN, IN PROBLEEM, DILEMMA AS IN UTDAGING

Al in oantal jierren wurdt der drok praat oer de skiere guozzen, en hoe kin it ek oars , der komme der te folle !!. En sa as brûklik wurdt der nei goed foarbyld fan ús poldermodel in oplossing betocht wer’t eltsenien tevreden mei wêze moat, mar wer’t jo eins neat mei kinne. 
Der sil as proef under oaren rûnom de Deelen, wer’t de guozzen mei harren piken maaitiidsdei yn it skoandere boeregêrs omfrette en skite in leech pikegaasstek setten wurde om harren tsjin te hâlden. Dit bart sadat de âlde fûgels mei de piken net mear yn it boerelan komme kinne. Dan hat de boer gjin skea en de guozzen gjin goed fretten en sille der minder piken grut wurde. Folwûksen guozzen en fleanflugge piken sille fansels net troch dit stek keart wurde. Nei twa jier sil sjoen wurde as de guozzepopulaasje hjirtroch ek lytser wurden is.

De earste ofwiizende lûden ha we ôfrûone sneon yn é Ljouwerter krante leze kind. Fernande Teerenstra fan’t CDA is ’t der net mei iens, ja wol dat der wat bart mei de aaien yn stee fan de jonge fûgels yn de sompen fan de Deelen ferhongerje litte. Mar der is de profinsje op tsjin want dan fersteure jo ek te folle oare fugels en bisten. Oant safier ha se eins beide wol in punt.
It is eins noch net iens sa lang ferline ( 1980) dat de skiere guozzen yn Fryslan in seldsume ferskining wiene. En troch beskerming, betere sompe gebieten en net te ferjitten it geile ( aaiwytryke) gêrs by de boeren binne der no gâns mear guozzen. En as de natoerbeskermer seit: it giet moai sa, dan wurd der fanút oare belangen al gau wer klaait oer te folle. Sa heare we rûnom dat se net allinch it skoandere boeregêrs opfrette , fertraapje en beskite mar dat se ek de greidefûgels fersteure en jonge reitplanten opfrette. It lyket der aardich op dat it sukses fan de skierre guozzen ek in bedrieging wurd foar harren sels. 
Us kultuurnatoer en de minsken hjir yn Nederlân kinne faaks net oerwei mei dit soarte fan ûntjouwings. We pleatse stekken rûnom ús natoergebieten om foar te wêzen dat de bisten ferûngelokje , mar no pleatse we ek al stekken om der foar te soargjen dat se just wol ferûngelokje as gefolch fan it minder goede fretten. En yntusken wurd der net sunder fersteuring in soad tiid stútsen yn it dea sjitten fan fan de foksen omdat dy ús greidefugels opfrette. Wylts de foks de grutste natoerlike fijân fan de Skiere goes is . It lyket der steeds mear op dat Nederlân te lyts is foar echte natoer, we moatte ús dus op de measte plakken beheine ta kultuurnatoer. Natoer mei soarten dy’t hjir thús hearre en der wer’t de skea by tredden út de klauwen rint op in ferantwurde wize oplosse, pasjend yn ús kultuur.
In wize fan fûgels fangen dy’t yn Nederlân yn belang fan ûndersyk algemien acceptearre is, is it fûgelflappen. Fûgels wurde fongen, oan alle siden opmjitten , krijje ien as meardere ringen om de poat as hals en wurde wer los litten. Yn in fraksje fan dizze tiid kinne jo dus ek guozzen fange om harren yn tal te beheinen. 
Jonge fûgels efter gaas omkomme litte, ik soe it net dwaan en jo kinne der fergif op ynnimme, dat ropt straks wer nije reaksjes op. Ik tink dat Marianne Thieme fan de PvaD de keamerfragen al klear lizzen hat. Derom soe ik sizze lit de guozzen lekker groeie, mar nei de briedtiid , foar dat de winterguozzen wer werom binne, wurd rûnom de sompegebieten yn it boerelân it guozeflappen wer yn eare hersteld. Dan ha de guozzeflappers twa moanne de tiid om op in ferantwurde wize sûnder te folle fersteuring it tal skiere guozzen en de skea by de boeren te beheinen . It guozefleis kin as EKO streekprodukt mei in frysk flagje derop wol oan de man brocht wurde. Dit skeelt ek moai wat yn de gâns bist ûnfreonliker produksje fan barche en kjealle fleis. Natoerminnend Nederlân slikket har al om de bek.
Principes binne goed, en ik ha se sels ek, mar jo moatte wol praktysk biuwe, en dit lûd komt út in mûle wer’t de lêste 35 jier net in tried fleis yn gien is.