Polderhoofdkanaal, reservaat foar snotkrobben en platboaiems.

It driget wer aardich út de klauwen te rinnen mei de saak rûnom it wer befarber meitsjen fan it Polderhoofdkanaal. Oan de iene kant de gemeente en undernimmers en bewenners fan de doarpen Nijbeets en de Feanhoop. En oan de oare kant de Fjidbiologen fan de Fryske Ferieninging fan Fjildbiologie. Oant safier neat oan de han, in goeie saak dat der foar en tsjinstanners binne by nije plannen. Op dizze wize wurd eltsenien skerp hâlden en kin faaks in goeie ôfwaging makke wurde op grûn de fan foar en neidielen fan plannen.

Mar wat as de periode fan diskuzje en oerlis net goed genoch brúkt wurd ?, tsja dan is der alttyd noch de Rie fan State dy har ljocht der oer skine litte mei. Ek der is neat mis mei en bard ek faker dan ien kear. It wurd wat oars as der under druk fan de tiid fan de Europese subsidzje regels der al mei de útfiering begien wurd wylst de lêste wurden noch net sprutsen binne.


Dizze situaasje ha we no by it Polderhoofdkanaal, it wurk is al dwaande , de earste skea- claims fan ûndernimmers binne al útsprutsen , de Fryske ferriening kriget dochs gelyk by de Rjochter yn Ljouwert en op oansizzen fan de Rie fan State wurd it wurk stillein. Protest aksjes yn de doarpen de Feanhoop en Nijbeets en de FFF kriget it stimpel fan milieu extremisten. En begriplik wurd dizze situaasje fansels breed útmjitten yn de media, mar kriget neffens my wol mear omtinken dan it heal ofbouwde bejaardetehûs yn St Anna. Ja, as saken dy net troch geane as gefolch fan natoer en milieu rigels is derom de ien as oare reden mear media omtinken foar dan by saken dy stillein wurde as gefolch fan oare rigeljouwing.

Dochs wurde natoer en milieu wetjouwing mear seriues naam. As we sjoche dat yn de auto- yndustrie Mercedes en BMW lytse automerken opkeapje ( Smart en Mini ) om mear te dwaan oan harren ynbring oer yn de Co 2 útstjit. Want de kommende slurptax soe harren oansjen mei allinich grutte “bakken” net goed dwaan. Fjirder fine we it goed dat der ferskate diken binne foar in ferskaat oan ferkear en wurd der in soad lans auto diken dien om foar kommen dat der te folle fugels en bisten op autodiken sneuvelje. Ek fynt eltsenien it begryplik dat net eltsen- ien samar yn’e berm sitten giet te skiten. 

Op it wetter is dat noch hieltyd oars jo maaie yn de farwei skite en pisje, jo maaie hast mei alles wat farre kin oeral komme wer wetter leit. Der wurd ek net sjoen nei de neadsaak fan de PK’s fan de boaten en de foarm fan it ûnderwetterskip wat mei utmakket hoefolle branstof de boat ferbrukt en faaks in spoar fan fernielings efter lit yn it wetter. Ek al witte we dat wetter de earste libbensneedsaak is fan alles wat libbet op dizze wrald , wurd der noch net neffens hannele.

Wurd der by de untwikkeling fan auto’s al folle mear gebruk makke fan de kennis op it mêd fan de “aerodinamica” is dat by boaten noch net it gefal. En as it wol dien wurd, wurd dat dien om hudder te kinnen en net om minder brânstof te ferbrûken. Nee boaten moatte hjoedtedei foaral grut , heech , wyt mei in soad bling bling en in heech macho gehalte ha. It moat goed stean oan de steiger by it hus oan’t wetter.

Nee, neffens my is’t net frjêmd dat der minsken binne dy’t harren fersette tsjin dizze fertutearzing op’t wetter. Neffens my binne se ek net tsjin op in foarm fan iepenstelling fan’t Polderhoofdkanaal, mar wolle se net dat dermei wichtige natoerwearden ferdwine sille. Mar troch dat it wurk al los wie en no de finansjele konsekwinsje op de efter grun bot meispilje sitte se wat frjemd mei twa fuotten yn ien hoas.

Somtiden liket in oplossing fier fuort, seker as jo wol begrip ha foar beide siden fan it ferhaal. Mar in praktische oplossing is faaks de beste, en dy leit dan net yn wol as net iepen!, mar wol iepen , mar net foar alles. Natoer en it befarber wêzen fan wetters kin best meielkoar gean , mar dan moatte jo der gjin skerpe jachten yn ha mar boaten mei under wetterskippen sa as eartiids. Net foar neat dat der doe allinich mar platboaiems yn it lege midden foeren. Jo hiene minder PK’s nedich en der waard neat fernield. Derom wat my oanbelanget iepen dat Polder hoofdkanaal, en noch folle mear alde opféarten mar dan allinch foar boaten en boatsjes dy der hearre en neat ferniele en it leafst ek noch allinch op ’t seil as op electro farre. In moaie kâns foar de fryske ûndernimmers dy’t no harren electroboaten besykje te slyten yn de east- bloklannen wer dizze foarm fan sonering al hiel gewoan is.